Liedje

Er lijken 2 liederen te zijn over IJlst.

“Ús Drylts” en het “Ús berteplak.”

Dêr ’t de griene greiden blomkje tusken Geeuw en Wymerts yn,
dêr leit jimmer ’t âlde stedsje, sa frij en rom yn sinneskyn.
Dêr ’t it fé sa freedsum weidet simmers oan ’e buorren ta.

Dêr leit Drylts, it âlde stedsje, Dêr ’t wy as bern al boarte ha. (twaris)

Dêr ’t twa tuorkes jin fan fierren Wize ’t paad nei ’t âlde plak.
Dêr ’t de âlde Rat syn ramt jit útstekt boppe mannich dak.
Dêr ’t it gûlen fan de steamfluit oeren fier fertelt yn ’t rûn.

Dêr leit Drylts, it âlde stedsje, wy ha yn dy sa ’n freonskip fûn. (twaris)

Dêr ’t de skippen en de boaten farre tusken ’t griene reid.
Dêr ’t de dauwe simmerjûn sa drôgjend oer de fjilden leit.
Dêr ’t winters rêde skonken skreppe op it spegelglêde iis,

dêr leit Drylts, it âlde stedsje, wy binne dochs mei dy sa wiis. (twaris)

Cornelis Schilstra
Het is op de melodie van “Dêrt de dyk it lân omklammet”.


Drylts, dat is ús berteplakje,
Dat der yn’t moai hinne leit.
’t Is it plakje, dêr’t wy boarten,
’t Is it plak fan Mem en Heit.
Mei syn rige line beammen,
’t Moaiste plakje fan it gea.

Hwer’t wy ek earne sochten,
Moaijer plakje fynt men nea. (2x)

Sjuch de moaie rige beammen,
Dy ’t ús nel de oerwei laet.
As der baemt de felle sinne,
Is it dêr sa moai yn’t skaad.
As de swiere stoarmen waaie,
En it wurdt wer oeral nacht.

Bin ’t de weitsers fan ús stedtsje,
Elts foar oar stean hja op wacht. (2x)

Drylts, it plak omjown mei wetter,
As wy op ’e Brêge stean.
En wy sjogge troch de stoarmwyn,
Op ’e Geau de koppen gean.
Rôljend, rôljend gean de weagen,
Komme wiuwend op ús ta.

As woene hja it ús fertelle,
Wolst jit moaijer plakje ha? (2x)

Is der folie oan ’t fordwinen,
Of foroaret lans de dei.
’t Plak dêr’t wy as berntsjes boarten,
Né, dat nimt men der net wei.
Dêrom leavje wy, dy lytse hoeke,
’t It dêr ek hinne leit.

De hear I. Kuipers Psn hat it makke op de wize fan “It Heitelân”.
De hear Jac. N. D. Hoogslag hat it foar koar biwurke.

Laat een reactie achter

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

error: Beschermd!